Wüst bêste op de 1500 meter

Ireen Wüst hat freedtejûn yn Thialf har nasjonale titel op de 1500 meter prolongearre op it NK ôfstannen. De Olympysk kampioene kaam út op in tiid fan 1.57.11. Twadde waard Lotte van Beek mei 1.57.46 en tredde waard Marrit Leenstra mei 1.58.33. Marrit hie yn har rit tsjin Diane Valkenburg in beroerde krusing. Dêrom waard Valkenburg letter ek diskwalifisearre.
It is foar de tredde kear achter elkoar dat Wüst de nasjonale titel wint op de 1500 meter. Yn totaal hat Wüst de titel op de 1500 meter no fiif kear wûn.
Antoinette de Jong fan Rottum, mei 17 jier de jongste dielnimster, waard mei in persoanlik rekôr fan 1.59.36 kreas sânde. Reina Anema waard mei in pr alfde, Letitia de Jong ek mei in pr fyftjinde, Yvonne Nauta achttjinde, Manon Kamminga (ek in pr) njoggentjinde en Elma de Vries 22e. Margot Boer hie har weromlutsen. Boer komt wol út op de 500 en 1000 meter.