Sven Kramer fierwei de bêste

09 nov 2012 - 17:27
  • Sven Kramer en syn ploechmaat Jan Blokhuijsen nei de 5 km

Sven Kramer hat freed mei oermacht de 5 km wûn op it NK ôfstannen. Yn de lêste rit tsjin TVM-ploechgenoat Jan Blokhuijsen ried Kramer de rapste tiid mei 6.17.46. Foaral syn einsprint mei rûntsjes leech yn de 29 sekonden wie yndrukwekkend.

Blokhuijsen waard twadde mei 6.20.34 flak foar regearend kampioen Jorrit Bergsma. Dy kaam út op 6.20.46. De earste fiif riders pleatsten har foar de earste wrâldbekerwedstriden. Njonken de al neamde mannen binne dat Bob de Jong en Ted Jan Bloemen, beide krekt as Bergsma fan de BAM ploech fan Jillert Anema.

De oerwinning fan Kramer komt wol in bytsje as in ferrassing omdat er weromkomt fan in ferfelende rêchblessuere en lang twifele oft er dit wykein wol meidwaan soe. Fan de oare Fryske riders waard Douwe de Vries sânde, Mark Ooijevaar tolfde, Arjan Stroetinga fyftjinde, Crispijn Ariëns santjinde en Bob de Vries tweintichste en lêste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)