Finnbogason net wis foar PSV

It is noch ûnwis oft Hearrenfeanspits Alfred Finnbogason snein meidwaan kin yn de wedstriid tsjin PSV. De spits hat lêst fan 'e heup. It meispyljen fan keeper Kristoffer Nordfeldt en rjochtsback Pelé van Anholt is ek ûnwis.
De kâns dat Nordfeldt meidwaan kin, is troch in blessuere oan 'e boppeskonk net sa grut. Syn plak wurdt dan ynnaam troch Brian Vandenbussche. Mocht Van Anholt net meidwaan, dan nimt Kum de posysje fan rjochtsback yn en komt Kruiswijk op de linksbackposysje.