Fabryk foldocht oan geurnoarm

Teeling Petfood yn Feanwâlden foldocht oan de noarm wat geur oanbelanget. Dat hat bliken dien út ûnôfhinklik ûndersyk. It giet dêryn om de geurbelesting binnen in bepaalde ôfstân fan it fabryk. By Teeling Petfood wurdt bistefoer makke.
Yn it rapport stiet wol dat der noch wol ferbetterings mooglik binne. De gemeente Dantumadiel en Teeling Petfood sille dêroer oerlizze. Der is ek al ien en oar dien om de stonkerij te ferminderjen.