Oarsprong hertsykte yn Fryslân

09 nov 2012 - 15:33

In Fries dy't libbe tusken 1200 en 1400 is ferantwurdlik foar bepaalde erflike hertspiersyktes. Dat hawwe ûndersikers fan it UMCG yn Grins ûntdutsen. Oft it om in man of in frou giet, of hoe't de persoan hjit is noch ûnbekend. De ûndersikers kamen derachter troch DNA-ûndersyk by pasjinten út mear as hûndert famyljes yn Noard-Nederlân.

Njonken it medysk ûndersyk wurdt ek histoarysk ûndersyk dien nei de mienskiplike foarâlder út de midsieuwen, seit ûndersiker Paul van der Zwaag. De ûntdekking is fan grut belang.

Spiersykten oan it hert kinne liede ta hertfalen en hertritmesteurnissen. Trochdat de genetyske oanlis no dúdlik is, kinne de sykten opspoard wurde mei in bloedtest. Boppedat kinne famyljeleden op 'e hichte brocht wurde as sy ek ek oanlis hawwe foar de oanbelangjende hertsykten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)