SWF wol dúdlikens oer wynmûnen

09 nov 2012 - 15:15

De gemeente Súdwest-Fryslan wol mear dúdlikens fan de provinsje oer de beide wynmûneparken dy't yn dy gemeente komme moatte. De provinsje wol ûnder oare earne tusken Boalsert, Harns en Makkum en yn 'e Iselmar sokke parken oanlizze. Dat soarget foar in soad ûnrest by de befolking.

It kolleezje fan Súdwest-Fryslân wol dat earst sjoen wurdt nei hoefolle wynmûnen oft yn it lânskip passe sûnder dat dat ta koste giet fan bygelyks it toerisme.

Pas dêrnei soe de provinsje prate moatte oer wat dy wynmûneparken opsmite moatte, mient de gemeente. De provinsje giet út fan op syn minst 400 megawatt ferdield oer trije wynmûneparken. Njonken de kop fan 'e Ofslútdyk en de Iselmar giet it ek om in park by It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)