'Skerm Wâldwei net gefaarlik'

© Robertjan Boonstra
De twa ûngelokken by de oprit fan 'e Wâldwei by Ljouwert fan ferline moanne binne net feroarsake troch it wurk fan Rykswettersteat oan de N31. Dat hat bliken dien út ûndersyk fan de plysje. By beide ûngelokken rekken meiïnoar seis minsken ferwûne. Fanwege wurk oan de dyk stean yn de middenberm skermen dy't it sicht op auto's út 'e rjochting Warten behinderje.
Ut it ûndersyk kaam nei foarren dat yn beide gefallen gjin foarrang jûn is, mar dat dat neat te krijen hat mei de skermen.