Kramer wol kompensaasje fan NS

09 nov 2012 - 11:55

De provinsje Fryslân wol kompensaasje fan de NS no't de ekstra trein tusken Ljouwert en Meppel foarearst net trochgiet. Dat seit deputearre Johannes Kramer.

De ekstra trein soe yn desimber ride. Mar om't in perron yn Meppel noch ophege wurde moat, giet dat net troch. De ferwachting is dat de ekstra trein no pas yn maaie rydt. Deputearre Johannes Kramer seit dat dat net neffens de ôfspraak is.

Kramer wol dat de NS derfoar soarget dat op in oar plak in ekstra trein komt te riden of dat de provinsje in finansjele fergoeding kriget. Uterlik nije wike kriget de deputearre in reaksje fan de Nederlânske Spoarwegen.

Trefwurden: 
trein Johannes Kramer NS Meppel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)