Supermerk Warten giet ticht

09 nov 2012 - 11:16

De supermerk fan Warten hâldt op fan bestean. De eigeneresse hat dat beslút naam, nettsjinsteande de útkomst fan in enkête yn it doarp. Pleatslik Belang Warten hie de ynwenners frege oft der noch draachflak wie foar de supermerk en dêr die út bliken dat dat der wol wie.

De eigeneresse docht fanwege de lege omset de doarren no dochs ticht. Doarpsbewenners reagearren freedtemoarn teloarsteld op it nijs.

Trefwurden: 
supermerk Warten Troefmarkt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)