Frachtautokontrôle: 41 boetes

De A6 © ANP XTRA
De plysje hat tongersdei in miljeu- en transportkontrôle hâlden op parkearplakken oan de A6. Der is 41 kear in proses-ferbaal útskreaun. Dy wiene ûnder oare foar technyske mankeminten oan de frachtauto's, foar it net oanhâlden oan de rêsttiid en foar it net goed wurkjen fan de tachograaf.
De plysje fierde de kontrôle út yn gearwurking mei de dûane, de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit en de Belestingtsjinst.