Occupy werom yn Ljouwert

09 nov 2012 - 10:17

Occupy-aktivisten hawwe freed wer de tinten opslein by it NS-stasjon yn Ljouwert. Dêrmei wolle se opnij wize op it ûnrjocht yn de wrâld, benammen tsjin de sa't se it sels neame 'graaikultuer fan de hege hearen'. Der wurde ek 'free hugs' oftewol fergese oankrûpers útdield.

Hoelang't it tintekamp oan 'e Sophialeane stean bliuwt, kinne de Occupyers noch net sizze. De foarige Occupybesetting waard yn july dit jier opheft. Doe wiene der te min minsken om de protestaksje draaiende te hâlden.

Trefwurden: 
Occupy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)