Kramer rydt tsjin Blokhuijsen

Sven Kramer rydt freed op de 5000 meter op it NK ôfstannen tsjin Jan Blokhuijsen. De beide ploechmaten út de TVM-ploech ride yn Thialf yn de tsiende en lêste rit. Regearend kampioen op dizze ôfstân, Jorrit Bergsma fan Aldeboarn, treft yn de njoggende rit BAM-ploechgenoat Bob de Jong.
Sjoerd de Vries fan Twellingea moat it op de earste 500 meter opnimme tsjin wrâldkampioen Stefan Groothuis. Yn de tsiende rit nimme Jesper Hospes fan It Hearrenfean en Ronald Mulder it tsjininoar op.