Firus yn Nij Toutenburch

09 nov 2012 - 10:02

Yn ferpleechhûs Nij Toutenburch yn Noardburgum hearsket it norofirus. De sykte is ferline wike woansdei fêststeld. Sechstich bewenners en fjirtich personielsleden binne siik wurden. It norofirus jout slimme diarree en spuierij.

Troffen pasjinten wurde sa folle mooglik ôfsûndere fan de rest om besmetting tsjin te gean. Aktiviteiten binne ôfsein en famylje wurdt ôfret om op besite te kommen oant yn alle gefallen begjin takom wike. It slimste is achter de rêch. It tal nije syktegefallen nimt net mear ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)