Jonge wettersporter mear biede

08 nov 2012 - 21:51

Fryslân moat de jonge wettersporttoerist mear biede. Dat is ien fan de wichtichste útkomsten fan it ûndersyk 'Jeugd en Watersport', dat yn opdracht fan de provinsje Fryslân makke is. It docht bliken dat jongerein hieltyd minder ynteresse hat yn de wettersport. Dat komt benammen omdat se mear ferlet hawwe fan op stap gean en feesten. It ûndersyk jout oan dat de wettersport de gearwurking sykje moat mei oare aktiviteiten yn de frijetiidsbesteging.

De provinsje Fryslân wol de útkomsten fan it ûndersyk belûke yn it nije belied fan de toeristyske sektor dat der yn 2014 komme moat.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)