Undersyk grêfkisten fan start

08 nov 2012 - 19:57
  • bonken yn kiste

Takom wike tiisdei wurdt fan start gien mei it archeologysk ûndersyk nei de grêfkisten yn Dokkum. Op de hoeke fan de Anjelierstrjitte en de Kleastersingel waard heal oktober in grêfkist fûn mei dêryn noch bonken dy't nei alle gedachten út de midsieuwen binne. Dit wie by wurksumheden fan wetterbedriuw Vitens.

In archeologysk buro út Grins hat de lieding oer de graafwurksumheden. It buro hat al witte litten dat der mear grêfkisten lizze. Op in letter momint sille de fynsten ûndersocht wurde yn in depot yn Nuis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)