Media Art Festival iepene

08 nov 2012 - 18:23

Yn Ljouwert is tongersdei it 15de Media Art Festival úteinset yn it leechsteande designfabryk. It festival hat dit jier 'minsk masine ambacht' as tema. Op it festival binne njoggen ynstallaasjes te sjen fan krekt ôfstudearre jonge keunstners. Ien fan harren, Matthijs Munnik, komt út Ljouwert. Hy docht mei de ljochtynstallaasje 'Truest grien' mei.

In saakkundige sjuery sil op sneon 17 novimber de Wim Borspriis útrikke oan de keunstner mei it sterkste wurk. It Media Art Festival duorret oant en mei 17 novimber en is fergees tagonklik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)