Accolade biedt ekskús oan

Wenningboukorporaasje Accolade biedt syn ekskús oan foar de minne kommunikaasje oer it nijbouplan oan de Van der Laanstrjitte op It Hearrenfean. Bewenners sizze dat se gjin fertrouwen mear hawwe yn Accolade, omdat der foar de bou fan 59 nije huzen no dochs heid wurdt. Earder soe tasein wêze dat de fundearringspeallen boarre wurde soene. De bewenners binne benaud foar skuorren yn har huzen.
Accolade ûntkent dat der in tasizzing dien is, mar is wol fan doel om de kommunikaasje te ferbetterjen. By it heien wurde de trillings mjitten.
De mjittings wurde beoardield troch in ûnôfhinklik bedriuw en de gemeente. Accolade seit dat by bouplannen op in fergelykbere ûndergrûn noait problemen ûntstien binne. De wenningboukorporaasje wol ein dizze moanne begjinne mei de bou. Op it plak oan de Sieger van der Laanstrjitte hawwe earder 75 hierhuzen stien. De omwenjenden sizze dat der by de sloop fan de âlde huzen ek al in soad oerlêst west hat.