Riedsleden nei Totaal Lokaal

De riedsleden Hoekema en Van de Kolk yn de ried fan Súdwest-Fryslân slute har oan by de fraksje fan Totaal Lokaal. Dy partij hat no ien sit yn de ried. Hoekema stapte koartlyn út de fraksje fan Gemeentebelangen. Van de Kolk sit foar Feriene Lofts yn de ried en bliuwt dêr ek lid fan, mar seit dat er it lûd fan dy partij better útdrage kin fia Totaal Lokaal.
Dy partij hat him fan it begjin ôf soargen makke oer de fúzjegemeente Súdwest-Fryslân. Totaal Lokaal is benaud dat de ôfstân tusken de gemeente en de ynwenners hieltiten grutter wurdt.