Tjongerskâns noch net MRSAfrij

Tjongerskâns
De direksje fan sikehûs De Tjongerskâns nimt tongersdei of freed in beslút oer it al of net wer iepenjen fan de ôfdielings intensive-care en hertbewaking. Snein waarden de ôfdielings sletten fanwege in pasjint dy't besmet wie mei de MRSA-baktearje. Ut ûndersyk waard dúdlik dat noch ien persoan de baktearje by him draacht. Dizze twa minsken krije noch hieltyd isolearre ferpleging.
Foardat de intensive-care en de hertôfdieling wer brûkt wurde, sille dizze earst noch skjinmakke wurde.