Mûs leit bou fan winkel stil

08 nov 2012 - 13:52

De bou fan de nije Coop supermerk yn Starum rint moannen fertraging op troch de wetterpipermûs (waterspitsmuis). Dat seit eigener Bert van der Werf fan de Coop yn de stêd. Hy hat plannen om in nij gebou del te setten, omdat hy simmerdeis fanwege de wettersporttoeristen mear romte nedich hat. It probleem is allinnich dat de wetterpipermûs yn it nijbougebiet sit en dat is in beskerme bistesoart.

Mooglik kin de bou hjirtroch pas 16 wiken letter begjinne. Van der Werf ferwachtet dat hy hjirtroch tsientûzenen euro's misrint.

Hy hopet dat de nijbou yn alle gefallen op 1 febrewaris 2013 úteinsette kin.

Trefwurden: 
wetterpipermûs Coop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)