Oerlis oer sfear provinsjehûs

De fraksjefoarsitters yn provinsjale steaten hawwe woansdeitejûn in spesjaal oerlis hân om de fersteurde ûnderlinge ferhâldings wer goed te krijen.
Twa wike lyn by de behanneling fan it grûnbelied fan de provinsje, tsjinne de folsleine opposysje in moasje fan wantrouwen yn tsjin it kolleezje, omdat se fûnen dat it kolleezje net goed opereard hie yn it grûnbelied fan de provinsje. It gie dêrby ûnder oare oer de oankeap fan grûn foar de Sintrale As, de nije ûntslutingsdyk yn Noardeast Fryslân tusken Dokkum en Nyegea.