Preemje De Friesland net heger
De basispreemje fan soarchfersekerder De Friesland bliuwt takom jier itselde: 106,90 euro. De preemjes foar de oanfoljende fersekerings geane wol omheech. Minsken kinne har moanlikse syktekosten nei ûnderen krije troch in heger eigen risiko te nimmen.
De Friesland sit mei de hichte fan de basispreemje yn de middenmoat, yn fergeliking mei oare soarchfersekerders.