Files troch ûngelokken

08 nov 2012 - 08:27

Troch twa ûngelokken op de A7 tusken It Hearrenfean en knooppunt De Jouwer stiene der tongersdeitemoarn lange files.

Rjochting De Jouwer wie in oanriding dêr't fiif auto's by belutsen wiene. Der rekken gjin minsken ferwûne. De file hat op syn meast 15 kilometer west. Tsjin njoggenen wie de dyk wer frij en kaam it ferkear stadich wer op gong.

Oan de oare kant, rjochting It Hearrenfean, rekke in auto yn it wetter. Trochdat dêr ien rydstrook beskikber wie, koe it ferkear net flot trochride.

Trefwurden: 
A7 file ûngelokken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)