Fersmoarge grûn by slûs Starum

07 nov 2012 - 17:24

It wurk oan de nije slûs by Starum leit stil om't der swiere metalen en oalje yn de boaiem fûn binne. De fersmoarging kaam ferline wike oan it ljocht. It is ûntdutsen troch de boufakkers fan Ballast Nedam, dy't de slûs oanlizze. De nije slûs komt neist de besteande Johan Frisoslûs. Dit is foar de rekreaasjefeart de belangrykste trochgong nei de Fryske marren. De nije slûs is nedich om de kapasiteit te fergrutsjen en de lange wachttiden yn 'e simmermoannen op te lossen. It is noch ûndúdlik oft de slûs takom simmer brûkt wurde kin.

De provinsje draait op foar de eventuele ekstra kosten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)