Meiwurkers besmet mei TBC

07 nov 2012 - 16:51

Alve meiwurkers fan de dei-opfang fan it Leger des Heils en de nachtopfang fan Zienn binne besmet mei TBC. Dizze simmer hat in dakleaze trije wike yn Ljouwert tahâlden dy't achternei in besmetlike foarm fan TBC bliek te hawwen. De man wurdt no yn Beatrixoord yn Haren behannele.

De alve meiwurkers binne besmet, mar dat wol net sizze dat se ek TBC hawwe en se kinne it ek net oerdrage. Se wurde wol previntyf behannele mei medisinen. By fjouwer besikers fan de opfang binne ôfwikings op de longfoto's sjoen, mar it is noch ûnwis oft sy TBC ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)