Jachthaven en -werf fallyt

07 nov 2012 - 14:40
  • De ûndernimmers rekke syn Tyvano's net kwyt

Jachthaven Stella Nova en jachtwerf Tyvona yn Heech binne fallyt ferklearre. Neffens kurator Egberts binne de bedriuwen yn 'e problemen rekke trochdat de ûndernimmer de lêste twa jier net ien boat ferkocht hat. By it bedriuw wurken twa minsken; de ûndernimmer en ien meiwurker.

De jachthaven mei 120 lisplakken leit op in moaie lokaasje by Heech. Kurator Egberts hat goede hope dat hy it bedriuw yn syn gehiel ferkeapje kin. Der binne al twa oernamekandidaten. It fallisemint hat gjin gefolgen foar eigners mei in boat yn haven of stalling.

De jachthaven hie it ek dreech troch de konkurrinsje fan oare jachthaven yn 'e omkriten. It fallisemint is troch de ûndernimmer sels oanfrege. De bank is de grutste skuldeasker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)