'Maksimaal 10 miljoen Thialf'

De provinsje Fryslân hoecht net op in bydrage fan mear as 10 miljoen euro fan it ryk te rekkenjen foar de nij- en herbou fan Thialf. Dat seit Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan regearingspartij de PvdA.
Yn de begrutting is 10 miljoen reservearre foar saken lykas de plannen fan Thialf. Mar ek foar dit bedrach sil noch hurd lobbyd wurde moatte neffens it keamerlid. Dat betsjut dat de bydrage fan it bedriuwslibben en oare organisaasjes op 46 miljoen komt te lizzen. De totale kosten fan it plan binne 106 miljoen euro.