'Hâld Fryslân selsstannich'

Deputearre Jannewietske de Vries wurdt troch de steaten op paad stjoerd om Fryslân selsstannich te hâlden. It nije kabinet fynt dat provinsjes folle grutter moatte, mar de steateleden fine dat, sjoen de eigen kultuer en taal, dat foar Fryslân net jilde mei. De Vries moat har dêr foar ynsette. De steaten behannelje woansdei ek de provinsjale begrutting foar takom jier.
Fraksjefoarsitter Aukje de Vries fan de VVD dy't woansdei ek yn de steaten fan de provinsje sit, wurdt tongersdei ynstallearre as Twadde Keamerlid foar de VVD. Foarearst kombinearret se beide funksjes yn Ljouwert en De Haach.