Bouman Reclame is fallyt

07 nov 2012 - 11:13

De rjochtbank hat Bouman Reclame yn Ljouwert fallyt ferklearre. It bedriuw hat it fallisemint sels oanfrege fanwege finansjele problemen. Dy binne benammen ûntstien trochdat in oername troch in reklameburo yn Amsterdam net trochgien is.

Dy oername wie pland, mar dat Amsterdamske reklameburo gie sels fallyt. In kurator besjocht oft der in trochstart mooglik is. It wurk giet foarearst noch troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)