Sjen nei wurkdruk by DE

Douwe Egberts © wikipedia.nl, Freaky
De wurkdruk by Douwe Egberts op 'e Jouwer wurdt ûndersocht. Dat hawwe de fakbûnen ôfpraat mei de direksje fan it bedriuw. Meiwurkers fan it fabryk kleie oer dy wurkdruk. In wurkgroep fan fakbûnsleden en direksje besjocht no oft dy klachten terjochte binne. Dêrnei wurdt der eventueel wat oan dien.
It ûndersyk is ôfpraat yn de nije CAO dy't foar it bedriuw ôfsletten is. Dy jildt foar de kommende twa jier en hâldt ek in leansferheging fan twa prosint yn.