Man fertocht fan helen lead

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje fertinkt in ynwenner (52) fan Frjentsjer fan it stellen fan lead of fan heling yn it metaal. De man is tiisdeitenacht oanhâlden op de Ryksstrjitwei by Sweins. Plysjes seagen him fytsen en fertrouden syn folle fytstassen net. By kontrôle die bliken dat dy fol mei lead sieten. It guod is yn beslach naam en de man is fêstset op it buro. Yn syn klean is ek ynbrekkersark fûn.