Plysje: tink om skimming

07 nov 2012 - 10:32

De plysje warskôget foar skimming yn it Noarden. De lêste moannen komt it faker foar dat minsken it slachtoffer wurde fan dizze bankpasfraude. It komt faak foar by ûnbemanne pompstasjons, mar ek by pinautomaten komt it foar. De ôfrûne wiken binne gefallen meld yn Ljouwert, Drylts, op 'e Gordyk en It Hearrenfean. De plysje freget har te warskôgjen as de pas yn de automaat stykjen bliuwt. It kin ek wêze dat de jildgleuf dikker is as gewoan. Dat kin ek in manier wêze om achter de pinkoade te kommen en jild fan de rekken te heljen.

De plysje tinkt dat it te krijen hat mei de ynfiering fan nije bankpassen takom jier, dy hoege net mear yn de automaat stutsen te wurden en binne minder fraudegefoelich. It liket er dus op dat de skimmers no noch harren slach slaan wolle. Hoefolle minsken de dupe wurden binne, kin de plysje net sizze.Wol is bekend dat kriminelen sa tsientallen miljoenen euro's yn it jier stelle. Yn ferhâlding wurde der net folle dieders oppakt. Dêrom besiket de plysje foaral oan previnsje te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)