CU: bedriuwsbus stimulearje

07 nov 2012 - 09:56

De provinsje moat it brûken fan de bedriuwsbus stimulearje. Dat fynt de ChristenUnie. Troch bussen yn te setten dy't wurknimmers fan in stasjon nei har bedriuw bringe, sil der neffens de partij faker gebrûk makke wurde fan it iepenbier ferfier. Dat smyt minder files op, mar betsjut ek dat bedriuwen minder parkearplakken hoege oan te lizzen.

De partij fynt dat bedriuwen en busmaatskippijen ôfspraken meitsje moatte oer it ynsetten fan de bedriuwsbussen. De provinsje soe dat stimulearje moatte, as ûnderdiel fan it iepenbier ferfierbelied.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)