'Thialf mei twa banen kin út'

It nije Thialf mei twa banen - in trainingsbaan en in rekreaasjebaan - is yn 'e takomst better te eksploitearen as it hjoeddeistige Thialf no. Dat seit direkteur Eelco Derks fan de iisbaan as reaksje op it projektfoarstel Nij Thialf fan de provinsje.
Benammen de legere enerzjylesten sille der foar soargje dat Thialf yn de takomst better út kin as no, sa seit Derks. 'Thialf is no in 'gatenkaas', wêrby't in soad enerzjy ferlern giet. Dat probleem binne we aansens kwyt.'
Neffens it nijste projektfoarstel is der 106 miljoen euro nedich foar it realisearjen fan Nij Thialf. De provinsje wol hjir 50 miljoen euro oan bydrage. It oare jild soe fan it Ryk en merkpartijen komme moatte. Reedridersbûn KNSB stiet fjouwerkant achter it nije projektfoarstel. Nij Thialf wol ek gearwurkje mei de nije iishal fan Ljouwert. De provinsjale polityk praat yn desimber oer it foarstel foar Nij Thialf. De direksje is der yn alle gefallen wiis mei. Mei it nije foarstel kin Thialf de posysje fan topsportiishal behâlde en mooglik sels fersterkje, sa seit Derks.