Make-over doarpshûs Jonkerslân

06 nov 2012 - 23:09

Studinten fan de D'Drive-oplieding ynterieurdesign rjochtsje Us Doarpshûs yn Jonkerslân opnij yn. De ynrjochting fan de grutte seal en inkele lytsere romtes fan it doarpshûs stamt út de jierren '90 en is datearre. Om der achter te kommen hoefolle it kostet om it doarpshûs wer by de tiid te krijen, meitsje de stylisten-yn-oplieding yn groepkes in ûntwerp. Besocht wurdt it moaiste út te fieren. Nije wike tongersdei komme de studinten nei Jonkerslân om de romte te besjen en de maten op te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)