Aldi-meiwurkers wolle respekt

Meiwurkers fan it Aldi-magazyn yn Drachten hawwe de help ynroppen fan de fakbûnen om mear respekt te krijen fan harren management. Unfrede oer de wurkomstannichheden fan de sjauffeurs fan it magazyn, hat foar it earst laat ta in petear tusken it Aldi-management en de fakbûnen. De sjauffeurs fûnen dat se tefolle oerwurkje moasten en te min skoft krigen.
Neidat se in petysje oanbean hiene, makke it management ekskús en is der mear oerlis. No hoopje de oare meiwurkers fan it magazyn ek op ferbettering. Nije wike moandei prate de bûnen mei se.
Ferline jier kaam der sawat gjin ien Aldi-meiwurker ôf op spesjale gearkomsten fan de bûnen, neffens de bûnen omdat se bang wiene foar reperkusjes.