Harns pakt leechstân oan

De binnenstêd fan Harns moat libbendiger wurde en de leechstân moat oanpakt wurde. Dat fynt it gemeentebestjoer. Yn de stêd steane 20 oant 25 bedriuwsgebouwen leech. De gemeente krijt dêr in soad opmerkings oer fan ynwenners. In citymanager is oansteld om nije útbaters of bewenners te finen foar de leechsteande gebouwen. As dat net slagget besiket de citymanager foar te kommen dat de gebouwen der suterich by komme te stean.