Wurk oan nije slûs stillein

De heimasjine stiet klear om mei it wurk te begjinnen © Omrp Fryslân, Remco de Vries
De bou fan de twadde Johan Frisoslûs by Starum is stillein omdat der fersmoarging yn de boaiem fûn is. Dy fersmoarging is sa slim dat der earst saneard wurde moat foardat it wurk fierder kin. Ek wol de provinsje, dy't opdrachtjouwer is, dat der earst ûtsocht wurdt oft der net mear ûnfoarsjoene fersmoarging op it bouterrein is. De nije slûs soe dizze simmer yn gebrûk naam wurde. It is noch net bekend oft dat noch te heljen is.