Amerikanen stimme yn Fryslân

06 nov 2012 - 17:19

Wurdt it Obama of Romney? Ek foar Amerikanen dy't yn Fryslân wenje of wurkje spilet dy fraach. Woansdei wurdt dúdlik wa't de nije Amerikaanske presidint wurdt. By de Ljouwerter basketbalploech Aris spylje ferskillende Amerikanen. Ien fan har is de 22-jierrige David Michaels. As iennichste Amerikaan fan syn team hat er de muoite naam om syn stim út te bringen. Hy fynt dat wichtich.

Derek Strothmann is dosint oan Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Hy wennet en wurket hjir al 20 jier. Hy hat krekt as David Michaels, keazen foar Obama.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)