Opsterlân wol ynspraak wynpark

De gemeente Opsterlân wol belutsen wurde by de plannen foar de komst fan wynmûnen oan de eastkant fan it klaverblêd op it grûngebiet fan Hearrenfean. Ek freget de gemeente yn in brief oan de provinsje de doarpen Lúkswâld en Langsweagen dêrby te belûken.
De provinsje hat yn syn wynmûneplannen delset dat it gebiet geskikt is foar wynmûnen as immen se dêr delsette wol. En dat sinniget de beide doarpen net. Opsterlân dielt dy soarch en sil de mooglike komst fan wynmûnen kritysk folgje.