Harns kritysk oer sloopwerf

06 nov 2012 - 14:42

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Harns is op foarhân gjin foarstanner fan de komst fan in sloopwerf nei de stêd. Neffens it kolleezje sil de werf skealik wêze foar it imago fan de stêd, sil er toeristen ôfskrikke en past er net by de besteande bedriuwen. It kolleezje wachtet no earst op in oardiel fan de ried oer de sloopwerf, foardat der in definityf stânpunt ynnaam wurdt. In konkrete oanfraach foar de fêstiging leit der noch net, wol hat in ûndernimmer oanjûn belangstelling te hawwen.

Trefwurden: 
Harns sloopwerf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)