Undernimmersprizen yn Drachten

© Omrop Fryslân
Janneke Plantinga fan Vandaag BSO Sport en Kultuer is moandeitejûn útroppen ta starter fan it jier yn de gemeente Smellingerlân. Dat barde yn skouboarch De Lawei yn Drachten, dêr't de ûndernimmersprizen Smellingerlân útrikt waarden. Yn de kategory Detailhannel en Hoareka wie slachter Biesma de winner.
Skjinmakbedriuw Post Cleaning waard útroppen ta ûndernimming fan it jier yn de MKB, Yndustry en Tsjinstferliening. It kommunikaasje- en reklameburo De Beer/Zwart krige de MVO-award, foar maatskiplik ferantwurde ûndernimmen.