Fraachtekens sinnepanielepark

06 nov 2012 - 09:44

De partijen yn de gemeenteried fan It Amelân sette noch in soad fraachtekens by de plannen foar in park mei sinnepanielen op it fleanfjild by Ballum. Dat die moandei bliken yn de gemeenteried. It sinnepark kostet hast 7 miljoen euro. De Amelanner Energie Coöperatie wol in miljoen yn it projekt stekke. De gemeente moat garant stean foar 3,5 miljoen euro. It CDA freget him ôf oft toeristen it sinnepark wol wurdearje sille en mooglik fuortbliuwe fanwege de sinnepanielen.

De PvdA stiet achter duorsume enerzjy-opwekking, mar fynt dat der earst ynset wurde moat op it beheinen fan enerzjyferbrûk. Algemeen Belang Ameland fynt de plannen moai, mar sjocht de gemeente dêrby yn earste ynstânsje net as partisipant. As de gemeenteried ree is om garant te stean foar 3,5 miljoen euro, wurdt yn de folgjende riedsgearkomste bepraat.

Trefwurden: 
sinnepanielen It Amelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)