Streekhús primeur NE-Fryslân

05 nov 2012 - 23:00
  • Kaart fan Fryslân

Fryslân hat syn earste Streekhûs en dat stiet yn Burgum. Johannes Kramer hat as ferantwurdlik deputearre moandei it Streekhûs Noardeast-Fryslân iepene. It is in sintrum foar alle netwurken yn de streek,in plak dêr't belangegroepen út de regio, de provinsje en gemeenten mei-elkoar besykje de takomst fan dat part fan de provinsje stâl te jaan.

It giet derom projekten los te krijen, lykas de oanlis fan de Sintrale As, it ferheegjen fan brêgen, it fersterkjen fan de wurkgelegenheid en oare saken op it mêd fan ûnderwiis en tsjinstferliening.

Der wurdt de kommende jierren sa'n heal miljard yn Noardeast-Fryslân ynvestearre en dat slagget allinnich as der gearwurke wurdt. Noardeast-Fryslân rint dêrmei foarop, seit Dirk Willems fan it Streekhûs

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)