Iepen dei by pleechgesinnen

Pleechgesinnen yn it hiele lân hâlde kommende sneon in iepen dei, om sa minsken entûsjast te meitsjen om pleechgesin te wurden. Der is ek yn Fryslân in grut tekoart oan pleechgesinnen en pleechâlden. It giet om minsken dy't bern opfange en opfiede wolle dy't om wat foar reden dan ek net mear by de eigen âlden wêze kinne.
Der moatte foar mear as 20.000 bern plak fûn wurde en dat is net maklik. De iepen dei is ûnderdiel fan de aksje 'Ontdek de pleegouder in jezelf, dy't ferline jier start is.
Yn de ôfrûne jierren is it oantal bern dat gebrûk makket fan pleechsoarch ferdûbele.