Sierk Jan de Haan trainer Rabo

Sierk Jan de Haan wurdt fulltime trainer fan de belofteploech fan de Rabobank. De 31-jierrige hurdfytser krijt foarearst in kontrakt foar in jier en is al mei syn wurk úteinset. As it goed giet bliuwt hy langer by de Rabobank yn tsjinst. De Haan is hiel wiis mei syn nije baan dy't er in dream en in útdaging neamt. Yn it Rabobank belofteteam sitte sa'n 15 hurdfytsers wêrunder grutte beloften as Dylan van Baarle en Daan Olivier.