Underskieding foar De Vrijheid

05 nov 2012 - 17:25

Restaurant De Vrijheid yn Grou hat in Bib Gourmand krigen. In Bib Gourmand is in ûnderskieding fan de Michelingids foar restaurants en hotels dy't in menu fan trije gongen oanbiede foar minder as 35 euro. In 'Bib' wurdt ek wolris in heale Michelinstjer neamd. Restaurant De Vrijheid is de sânde hoarekagelegenheid yn Fryslân dy't dizze ûnderskieding hat. Yn Nederlân binne der foar 2013 20 nije restaurants bykommen, mar ek 17 fan de list ôfgien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)