'Benadering Rutte-2 net goed'

05 nov 2012 - 17:24

De doelstelling fan kabinet Rutte-2 om de measte gemeenten fusearje te litten ta gemeenten fan mear as 100.000 ynwenners en tagelyk ek ekstra op de gemeenten te besunigjen is 'net-realitysk en ûngelokkich'. Dat seit deputearre Tineke Schokker, dy't foar de provinsje de rezjy fiert oer de weryndieling yn Fryslân. Weryndieling dogge je net om te besunigjen, mar om gemeenten sterker te meitsjen, fynt Schokker.

Gemeenten twinge om te fusearjen mei it doel om ekstra te besparjen neamt Schokker 'de ferkearde benadering'.

Schokker reagearret mei dizze wurden op it ûndersyk fan professor Allers fan de Ryksuniversiteit Grins. Dy hat útfûn dat de measte fúzjegemeenten net minder, mar mear jild útjouwe as de lytsere âlde gemeenten. Schokker is ek tsjin it foarnimmen fan it nije kabinet om de 12 provinsjes te fusearjen yn fiif 'lânsdielen'. "Fryslân is sa'n sterk merk en hat safolle foardielen, dat we dêr plat foar lizze sille'', sa seit in striidbere Schokker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)