Fjoerwurk libbensgefaarlik

05 nov 2012 - 17:03
  • (fotofoarbyld)

De plysje warskôget minsken foar it keapjen fan yllegaal fjoerwurk. Net allinnich om't it gefaarlik, mar ek om't der kâns is om berôve te wurden. It nijste yllegale fjoerwurk is libbensgefaarlik. Op ynternet, bygelyks op foarums en sosjale media, is te sjen dat der yn Fryslân folop hannele wurdt yn yllegaal fjoerwurk.

No't de ein fan it jier tichterby komt, is de plysje wer drok dwaande mei de opspoaring fan yllegaal fjoerwurk. Se sneupe net allinnich op ynternet, mar gean ek tips fan boargers nei oer mooglike opslachplakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)