Untslaggen by Spyksma Beton

Spyksma Beton yn Hallum © Google Streetview
By Spyksma Beton yn Burdaard ferlieze 10 fan de 15 meiwurkers har baan. Troch de krisis yn de bou binne der te min opdrachten om elkenien yn tsjinst te hâlden. De ûntslaggen sille tusken no en ein febrewaris plakfine. Spyksma Beton hat benammen in soad opdrachten yn de agraryske wrâld en dat liket foar takom jier noch goed. De direkteur hopet dêrom mei de 5 oerbleaune wurknimmers trochgean te kinnen.